Moard oan de mar


Evenementgegevens


De Twa Doarpen.

Wy binne drok dwaande mei de repetysjes en ha al in soad wille.

It stik hjit                                             MOARD OAN DE MAR.

It stik spilet yn ‘e wenning fan de Claytons, heech op ‘e rotsen fan in mar op ‘e grins fan Amerika en Canada.

Hjir barre frjemde dingen die foaral suster Pepper nochal dwaande hâlde.

Suster  wol beslist witte hoe dat lyk yn de mar komt en wa dat is en wa it dien hat.

Nijskjirrich stik, der bart nochal wat.

W kinne der net in soad oer fertelle want dan komme jim net mear, dus hjir moatte  jim it mei dwaan.

Laitsje en spanning en dat allegearre op ien jûn……

Wy spylje op 6, 13 en 14 maart en de kaarten (10 euro it stik) binne te bestellen by Minke Bouwstra.

Foarferkeap fanôf 14 februwaris op til. 632878. (tusken 17.00 en 19.00 oere)

Wer spylje wy?

In nije lokaasje:  Bij Marcel Ponne – Tjongervallei 1-A – Ketlik.

Komme dus!!

 

Dan noch wat oars.

Yn 2021, juni, sille wy in iepenloftspul spylje.

Wy ha in oantal minsken fûn die hjir yn meihelpe wolle en der binne wy tige wiis mei.

Wy ha tsjin dy tiid noch wol mear minsken nedich, mar dan trekke wy wol wer oan de bel.

Mildam op de Kulturele Kaart!

It stik is hast klear en yn jannewaris 2021 begjinne de repetysjes.

As der noch minsken binne dy ek mei dwaan  wolle, jimme kinne jim opjaan op nummer

06-12289672.

 

Groetnis fan Tonielferiening De Twa Doarpen