OPROP Toniel De Twa Doarpen

DE TWA DOARPEN – NIJS
Is der nijs dan? Jawis der is nijs!
Yn maart spylje wy wer in prachtich stik.
En ja, der komt it nijs: wy spylje by Marcel Ponne oan de Tjongervallei yn de loads.
D’Herbergh is slùten sa as eltsenien wit, dan moatte je op syk nei in nije lokaasje en wy binnen slagge. Hiel wat oars, mar wy hawwe der nocht oan.
Us dekorminsken – Johan Post en Jaap Groenland kinne wol wat help brûke. As der noch frijwilligers binne – graach!!
Oefenje dogge wy earst by de Geele Bosch.
It stik wat wy spylje en fjirdere ynformaasje komme wol wer yn in oare Brêge as Raaptepper.
Dan us plannen om in iepenloftstik te spyljen.
Wy tochten dat yn 2020 te dwaan, mar dat is in jier opskoot nei 2021.
Wy binnen yn petear mei in skruiwer en dat giet de goeie kant op
Hjirfoar hawwe wy in soad frijwilligers noadich.
– Minsken die us helpe wolle om dit slagje te litten
– Minsken yn it bestjoer fan de Stichting Herman de Streuper
– Ponghâlder – skruiwer – benaderjen fan fûndsen ensfh.
– Minsken foar de catering, dekorbouw, klaaiing.
En hiel soad minsken!!
Sa as jim al lêze kinne wy, De Twa Doarpen en het Stichtingsbestjoer dit net allinich en wurd der in berop dien op de ynwenners fan Ketlik/Mildam.
Dus meld jim oan.
Dat kin by: Bestjoer De Twa Doarpen en Moniek Bergsma foarsitter fan it Stichtingsbestjoer.
Ek binne wy opsyk nei nije spilers en dan benammen MANLJU.
It wurd krap foar ùs ùtfierings mar ek foar it iepenloftspul. Dus meld jim oan.

Melde kin by:
Jaap-Tjeerd Heida 06-21842370
Ymmie van Veen 06-37291009
Hennie van der Zee 06-22588400
Greet Brouwer 06-15893375