Toaniel de Twa Doarpen……geane wy fallyt?

DE TWA DOARPEN……GEANE WY FALLYT?

Dit is fansels net sa, gelokkich net, mar der giet us nije stik wol oer.
Wy binne al werd drok dwaande mei de repetysjes en sa as alle jieren mei in soad wille.
It stik hjit       WY KOMME OP DE TELEFYZJE         en dat bringt hiel wat opskuor by us feriening.
It is in komeedzje yn trije bedriuwen fan John Vermeulen.
Wy ha dit jier in nije spylster en dat is Thea Krist ut Jobbegea.
It is us wer slagge om in goeie besetting te krijen, dat ik soe sizze net stinne mar hinne.

 

Efkes noch wat oer it stik:
It toanielselskip De Twa Doarpen driget fallyt te gean. Dit komt omdat foaral foarsitter Yme mei alle geweld oan GRUTTE KEUNST dwaan wol. It slimste is ek noch dat de haadsponsor him werom lûkt, en dat mei in grutte rekken fan de belesting en it elektrysk……
Gelokkich is der belangstelling fan de telefyzje, dat de repetysjes fan De Fekke fan Shakespeare mei yn de haadrol Juffer Jeltsje geane wer los.
Hoe dit allegearre komt?

 

Wy spylje op 10 en 11 maart, 14 maart (besletten) en 17 en 18 maart 2017.
Wy spylje wer yn d’Herbergh yn Ketlik
Kaarten yn foarferkeap : fanôf 20 februaris by Minke Bouwstra.
Set dizze datums mar gau yn jimme bûsboekje .

 

Oant sjen!
Bestjoer en spilers
De Twa Doarpen
Ketlik/Mildam