Tonielferiening “De Twa Doarpen”, spylet De grutte Fersierder

De tonielferiening is dwaande mei de tariedings foar wer in nij seizoen.

Nei it lêzen fan ferskate boekjes is besletten it stik “DE GRUTTE FERSIERDER” te spyljen.

It is in klucht yn fjouwer bedriuwen. In klucht seit dat der wer omraak lake wurde kin en dat is us doel fansels.

De repetysjes begjinne yn desimber en wy sille dit spylje op 9,10 en 17 maart 2018.

Wer giet it oer?

It spylet him ôf op in kantoor.

Der sil in feestje fiert wurde, mar net eltsenien fielt der safolle foar.

Der ha je dan de heer Brons die fertochte wurd fan oantaasting en dan nei in feestje? It liket der net op. Mar tinkt eltsenien der sa wol oer? Der binne ek minsken die dat wol spannend fine….en hat hy it dien?

In spul fol mei intriges en in ûnferwachte útkomst.

Wy ha in nije spylster: Roelie Keulen en der binne wy bliid mei.

De regie is krekt as ferliene jier yn hannen fan Harm Veenema,

Hald de Brêge/website en ek de Raaptepper yn de gaten foar mear nijs.

 

Ut namme fan spylers en bestjoer

De Twa Doarpen

Ketlik/Mildam

 

 

Geplaatst in Nieuws